Mei de ein yn sicht….
Foar jo leit de lêste kadernota fan dizze riedsperioade. De opmaat foar de begrutting 2026 dy’t yn maart beslikke wurdt mei gemeenteriedsferkiezings wernei’t koers jûn wurde kin oan de takomst fan ús gemeente. Dat wy yntusken ynhelle wurde troch ferkiezingen foar ús nasjonale parlemint, tsja…. It is, wat it is.
Mar dat nasjonale regear soarget al foar holle brekkens. Der is troch de VNG in akkoart sletten, dat noch in tal iepen einen hat. De fraach is as yn septimber – de begrutting fan dit demissjonêre kabinet – de ôfspraken mei de VNG noch rjocht oerein steane as net. Guon sizze it biedt kânsen om ek oare saken te fersilverjen en oaren sizze, wy meie bliid wêze as wy de ôfspraken sa as makke oerein hâlde kinne.
Dit is al jierren it probleem. Struktureel jild mist en dêrmei is it neffens de spulrigels dreech om ynfestearrings te dwaan dy’t ús mienskip hurd nedich hat. Wy ha yn dizze kadernota de útdaagings goed op in rige set en besocht se ek op jild te setten. It binne rûzingen, mar dan ha wy yn elts gefal iets fan rjochting.
It ûnreplik guod en de ynfestearrings op ús mienskipshûzen en om dy romtes fan moeting, ûnderwiis en sport wer by de tiid te bringen is ien fan de grutste ynfestearrings dy’t foar eigen rekken komt. Fansels binne der mear útdaagings, lykas de enerzytransysje of ferduorsuming, mar in grut part fan dy útdaaging hinget fan eksterne faktoaren ôf.
It is in ûnwisse, rûzige tiid. Dat makket dat wy amper witte wêr’t wy earst en lêst sjen moatte om saken op te pakken. De eigenstannige organisaasje en it gefoel wer in ‘eigen’ klub te wêzen soarget foar nij elan binnen de organisaasje. Wy kinne wat en wolle dat ek beetpakke. Wichtigste is: wat earst en wat lêst. Dy útdaaging ha wy noch net hielendal skerp. Dêr moatte wy mei mekoar oer te set.
Dit ynsicht yn de finansjele útdaagings, de transparante keuzes dy’t makke wurde kinne, it foarútsjoch foar nei 2026; wy tinke dat it allegearre hanfetten jout om gedegen oan de slach te gean. Der binne keuzes te meitsjen en hokker wize is oan de ried.
As kolleezje ha wy besocht it sa ynsichtlik mooglik oan jimme oan te bieden.
It kolleezje, Burgum, 10 juny 2025