TD - Kadernota 2024-2027 TD - Kadernota 2024-2027

Ynlieding

Ljochte dagen komme wer op nij

Fiere bylden geane my foarby

Alde paden binne my sa djoer

Noch is wat fan ’t goede libben oer

Obe Postma


Mei dichtrigels in kadernota begjinne is net gebrûklik. Dochs jouwe dizze sinnen krekt oan wêr’t wy steane. De gemeente Tytsjerksteradiel stiet der net min foar, wy ha wat te ferspikerjen en tagelyk steane wy stil, om ’t wy op tal fan terreinen net oer de hikke sjen kinne. Wylst regearje, foarútsjen is. Wy soene no karren en programma’s op priemmen sette moatte dy’t mooglik oer tsien jier en fierder fertuten dogge. Wy soene no ynvestearje moatte yn de grutte feroarings dy’t al geande binne en dy’t freegje om tûke oplossings. Wy soene no dwaande wêze moatte om goede foarâlden te wêzen foar de generaasjes dy’t nei ús komme. Wy soene no siedzje moatte foar ûntjouwings wêr’t wy it resultaat net fan belibje sille. En wy sitte mei de hannen yn it hier. Wy kinne net springe, want it ûntbrekt ús oan finansjeel fûnemint foar de lange termyn.

It Ryksregear jout gjin dúdlikheid oer wêr’t wy nei 2026 finansjeel op rekkenje kinne, sadat wy dy wichtige opjeften hast net beetpakke kinne. Tink dêrby oan maatregels op it mêd fan klimaatadaptaasje, de enerzjytransysje, âlder wurdende minsken dy’t ekstra soarch nedich ha en jonge minsken kânsen en ynspiraasje biede.

Wy ha besocht in kadernota te meitsjen dy’t rjocht docht oan it útfierdingsprogramma en wat wy behappe kinne as organisaasje foar takom jier. Jo sjogge ek dat der in foet bylutsen wurde moat om de bedriuwsfiering, en dêrmei de rêchbonke fan ús organisaasje net omfalle te litten. En tagelyk witte wy mei-inoar dat wy in ûnwisse takomst foar ús sjogge om’t de konsekwinsjes fan in kar mei-inoar of selsstannich fierder in protte fuotten yn ierde ha sil.

Dit is de earste kadernota fan it nije kolleezje dat yn 2022 ynstallearre is. Mei de ried ha wy in yngreven proses trochmakke oer in útfierdingsprogramma. Dat goede petear oer prioriteiten en hokker ynset wy – binnen de beheinings – al realisearje wolle, sil elts jier werom komme. Om’t wy dit jier noch net safier wiene, ha wy miend finansjele romte oan te bringen dy’t ynset wurde kin foar it útfierdingsprogramma. Mei de opmerking dat wy goed neitinken bliuwe moatte as wy ek genôch hannen en fuotten ha om dat wier te meitsjen. Dêr leit by dit kolleezje in grutte soarch. Us minsken. Us kapitaal fan tinkkrêft dy’t mei ús en de ynwenners fan dizze gemeente oan de slach binne. It is simpelwei dreech om de minsklike krêft fan ús meiwurkers oerein te hâlden, lit stean om dêr ekstra’s oan ta te heakjen. En tagelyk: de wrâld stiet net stil. Der binne altyd ûntjouwings dêr’t wy wat mei moatte, dy’t ús omtinken freegje en wêr’t wy mei ús ynwenners stjoer oan jaan wolle.

Wy steane oan it begjin fan in spannende reis. En lit ús dêrby net ferjitte: noch is wat fan ’t goede libben oer.

Burgum, 20 juni 2023