Ga naar de inhoud van deze pagina.
TD - Jaarstukken 2023 Definitief

Ynlieding

It jier 2023 stie yn it ramt fan it beslút oer hoe fierder mei de wurkmaatskippij, ús organisaasje foar twa gemeenten. Mei hieltyd minder ienriedigens oer de ‘opdrachten’ dy’t yn de organisaasje dellein waarden, hiene ús minsken de hannen fol om it wurk rûn te setten. De organisaasje hie ferlet fan ien opdrachtjouwer, as dat no twa of ien gemeente binne. It beslút kaam op 22 juny; ûntflechten, beide gemeenten krije wer ien eigen organisaasje. En nei de simmer kaam alles op gong om alles yn rij en gelid te setten om it beslút op goede wize ta útfiering te bringen.

De oandacht is yn 2023 foar in grut part nei de ynterne organisaasje gongen, mar net sûnder de bûtenwrâld út it each te ferliezen. De winkel is iepen bleaun. Der binne besluten naam oer it MFC Jistrum en MFA Tytsjerk. De boargemaster is op ‘e nij beneamd foar seis jier. Trije ekstra leslokalen binne boud by Papilio, it aksjeplan Wenjen is op it kleed brocht, de gebietsfyzje Burgum-West is op priemmen set, de omjouwingsfyzje foar Tytsjerksteradiel is fêststeld en sa kinne wy noch wol efkes trochgean. En njonken al dizze besluten en útfiering fan dizze ambysjes, stie it ôfrûne jier benammen yn it ramt fan opfang fan Oekraieners, de húsfêsting fan statushâlders en oare doelgroepen. Der is in put wurk ferset om dat allegearre yn goede banen te lieden en dat hat fan gefolgen hân dat oare taken lizzen bleaun binne.

Foar jo leit de jierrekken 2023. Wy lizze hjirmei ferantwurding ôf oan de gemeenteried oer it belied fan 2023 en de finansjele effekten dêrfan. We sjogge in posityf resultaat en in stevige algemiene reserve. En hoe nuver ek: dat jout net it folsleine byld.

It liket krekt as kin dizze gemeente de útdagings wol oan, mar finansjeel sjoen ûntbrekt it mearjierrenperspektyf. De koarting fan 2,3 miljard op it gemeentefûns rekket ek ús gemeente. De gebouwen foar de mienskip binne op leeftyd, dy ha hege enerzjyrekkens; wy moatte ferduorsumje, mar dat freget in ynvestearring. Net op ien plak, mar op ferskate plakken yn de gemeente. Dat leit in struktureel beslach op ús begrutting. Dy romte is der net. Wat is it alternatyf? Ferienings op kosten jeie om de enerzjykosten te beteljen? Dat is it dilemma wat wy foar ús sjogge. De needsaak om op ferskate terreinen te ynvestearjen foar in takomstich libbene mienskip en de finansjele romte net ha om dat te dwaan, wêrmei’t dyselde mienskip driigje kwyt te reitsjen.

Nij is dat wy as kolleezje foar it earst in rjochtmjittichheidsferklearring ôf jouwe. In nij proses mei in protte bernesykten wat ús oanbelanget. It is stranger en der wurde hegere easken steld as doe’t de accountant it noch die en dat liedt ta in fertekene byld. Wy hoopje jo ried in ekstra taljochting te jaan en dêrmei de eftergrûn goed te sketsen. De ferbetterpunten dy’t út ús ynterne kontrôle komme, binne tige wichtich en dêr wurdt mei faasje oan wurke om dêr resultaat op te boeken.

Resultaat

Wy konstatearje, dat wy hiel bliid binne dat wy it jier 2023 ôfslute kinne mei in posityf saldo fan € 7.740.000. As kolleezje binne we bliid mei dit resultaat en de ynset fan de minsken yn ús organisaasje. Dat krewearjen is net oan ús foarby gien.

Ta beslút

Yn it earste part fan de jierstikken '2023 in vogelvlucht', geane we yn op de wichtigere ûntjouwings fan it ynsette belied. De ferdjipping hjirop is te finen yn de ferskate programma’s fan it jierferslach. De jierstikken wurde ôfsletten mei in jierrekken mei dêryn opnaam de finansjele ferantwurding fan it fierde belied. De goede gearwurking mei de accountant hat der foar soarge dat we de stikken op ’e tiid oan jo foarlizze kinne mei opnij in goedkarrende, skjinne ferklearring. Dêr binne we wiis mei en grutsk op.

It kolleezje, Burgum, 18 juny 2024