Ga naar de inhoud van deze pagina.
TD - Jaarstukken 2024 Jaarstukken 2024

Ynlieding

It liket sa moai…

En op ‘e nij in jierrekken mei in oerskot. Dus gedachte is: der bliuwt jild oer, gemeenten kinne yndie wol mei minder ta, it groeit by de klippen op.

De systematyk versus de realiteit

Ja, wy hâlde jild oer, om’t wy of minder kosten meitsje of omdat wy minder dogge. Benammen dat leste hâld ús dwaande. Wy komme oan de saken net ta. Fansels is dit in nuver jier kwa jierrekken, om’t it folslein yn it teken stie fan de ûntflechting. Alle oandacht is foar it grutste part opgong oan de eigen organisaasje en oer wat wy yntern te dwaan hiene. Dat is tige slagge en dêr meie wy grutsk op wêze. Der stiet in nije klup, der leit in plan oer hoe’t wy wurkje wolle, wat de fokus wêze moat en dit jier (2025) binne wy fan start gien. As wy werom sjogge op dy ûntflechting wiene wy by oanfang net wis fan dizze útkomst, mar it is binnen in jier slagge en it is klear. Beide organisaasjes kinne wer fierder en foarút.

Dêrnjonken wie tidens de ferbouwing de winkel ek gewoan iepen. Op guon terreinen binne wol deeglik meters makke sa’t jo lêze kinne ‘2024 in Vogelvlucht’ en yn de programma’s.


It kolleezje, Burgum, 10 juny 2025