TD - Begroting 2024 Tytsjerksteradiel - Begroting 2024

Ynlieding

Meielkoar oan itselde ein fan it tou lûke

Foar jo leit de begrutting 2024-2027. As gemeente Tytsjerksteradiel kieze wy derfoar om – sa’t de VNG frege hat – sjen te litten wat it finansjele perspektyf is sûnder yngripen fan ús kant. En dêr wurde je net fleurich fan. Wy sakje flink yn ‘e reade sifers as it Ryksregear de koarting fan 3,5 miljard euro op it gemeentefûns net werom draait. Oant no ta sit dêr gjin beweging yn en lykje de sinjalen net posityf.

Tagelyk: der komme ferkiezings oan. De Twadde Keamer kriget nije leden en der komt in nij kabinet. Dat der lizze kânsen om fanút fyzje in nij fûnemint foar dit lân út te rôljen. Wy geane der fanút dat dêrby neitocht wurdt oer it feit dat gemeenten en Ryk meielkoar oan itselde ein fan it tou lûke. As ynwenners fan dit lân sintraal steane, dan soe it petear mei gemeenten dochs folle konstruktiver kinne en moatte. Gemeenten binne de earste oerheid en steane tichteby de ynwenners. De noeden fan minsken komme as earste by in gemeentlik loket telâne. Gemeenten binne net in safolste kostenpost, wy besykje yn it ferlingde dit lân mei foarút te helpen. Wy hoopje nei novimber op nij elan.

De wichtige kar dy’t de gemeenteried yn juny makke hat is dy fan de ûntflechting fan de wurkmaatskippij. Dat betsjut dat der kosten makke wurde moatte om dat foarelkoar te krijen, mar der sil ek ynfestearre wurde moatte yn in nije organisaasje. Der sil meielkoar neitocht wurde moatte oer wêr’t dy organisaasje oan foldwaan moat om de útdaagings fan de takomst, mar foaral it ferlet fan de ynwenners fan dizze gemeente hannen en fuotten te jaan. Dat freget op koarte termyn dúdlike antwurden op skerpe fragen.

It sil foar de útfierding mooglik ek konsekwinsjes ha, om’t net alles útfierber is binnen de kapasiteit dy’t der no is. It tal meiwurkers kin mar safolle wurk ferstowe. Mear freegje as mooglik is, soarget foar noch hegere útfalsifers en dêrmei komme wy net fierder. Lykwicht tusken winsken en dat wat te dwaan is, sil in bliuwend petear tusken de ried, organisaasje en kolleezje wêze.

Dêrby stiet foarop dat de wrâld net stilstiet. Der lizze plannen en der binne ambyzjes. Der wurdt njonken ynterne fokus ék wurke oan wat ynwenners freegje en nedich ha. Der wurde wenten boud, der wurde helpmiddels ferstrekt, der wurde jongeren opfong dy’t driigje tusken wâl en skip te fallen, der wurde eveneminten organisearre dy’t toetst wurde op feiligens, it grien wurdt ûnderhâlden en de jiske wurdt ophelle. Wy wolle ús gebouwen ferduorsemje, wy wolle oaren oanmoedigje dat ek te dwaan, wy wolle de ambysjes op it mêd fan rekreaasje en toerisme realisearje, wy wolle nei in nije sosjale basis yn de doarpen. Al dy ambysjes steane net stil en dêr sil wylst de winkel ferboud wurdt oan wurke wurde.

Ta beslút

Yn dizze programmabegrutting wurde yn de algemiene haadstikken it belied en de finansjele middels dy’t dêrby hearre foar de kommende jierren op haadlinen presintearre. De fierdere útwurking fynt plak yn de programma's. Elts programma kent syn eigen útdagings dy't wy allinnich mei-inoar oanpakke kinne. Graach wolle wy, mei de ried en de mienskip, de opjeften foar it kommende jier oppakke en duorsum oparbeidzje oan in gemeente dêr’t rûmte is foar elkenien.

It kolleezje tanket alle meiwurkers foar de ynset om dizze begrutting wer rûn te breidzjen en op te leverjen.


Burgum, 10 oktober 2023

Boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel