Tytsjerksteradiel - Begroting 2023 Geamendeerde begroting

Aanbiedingsbrief

In fûnemint sûnder grûnslach

Foar jo leit de begrutting 2023-2026. De earste begrutting fan dizze riedsperioade. Finansjeel sjocht it der op it each goed út. It Ryksregear hat helderheid jûn oer bygelyks de Jeugdsoarch, en benammen om’t wy yn eigen hûs tal fan yngripende besluten naam ha om de finânsjes op oarder te krijen. Dat docht fertuten en tagelyk binne der noch ombûgings dy’t realisearre wurde moatte. Wichtiger is dat de wrâld op tal fan flakken yn ‘e brân stiet. Dat soarget foar noed op allerhande gebiet, sadat je amper witte wêr’t je earst en lêst de skouders ûnder sette moatte. Dy ûnwissichheid op tal fan terreinen; enerzjy, klimaat, flechtlingen, wenningen, grûnstoffen ensfh. makket dat wy dizze begrutting boppesteande titel jûn ha. Wy ha in fûnamint, mar we witte net as it hâldfêst genôch wêze sil. Dêrom wolle wy hoeden operearje.

Krises

As gemeente binne wy der foar de mienskip, foar ús ynwenners en ûndernimmers. Dreamen, ambysjes, plannen dy’t we graach meielkoar ta libben roppe. En wy steane foar de minsken, organisaasjes, ferienings, it sosjale spinnenweb dat ús mienskip byelkoar hâldt en dat seker yn dizze ûnwisse tiden ekstra omtinken en stipe fertsjinnet.

Fanwegen de ûngrypberheid en it karakter fan akute problematyk dy’t direkt om in antwurd freget (enerzjyearmoed, ynflaasje esfh), kiest dit kolleezje derfoar om oan de ried foar te lizzen om in ‘behoedzaamheidsbuffer’ binnen de begrutting op te nimmen. Dat tsjinnet meardere doelen. Om akute problematyk de holle te bieden en om de grutte skommelingen fanwege it ûnwisse karakter dat de ferskate krises no ien kear yn him draacht ek binnen ús begrutting op te fangen. Dêrmei stjûre wy op in mear lykwichtige risseltaten yn it mearjierrenperpektyf, en kinne wy tagelyk de holle biede oan dat wat him akuut oantsjinnet.

Riedsprogramma/Koalysjeakkoart

Krekt foar de simmer wiene it riedsprogramma en kolleezjeakkoart klear. Fanwege de krappe tiid tusken opleverjen fan dizze twa dokuminten en it goede petear dat it kolleezje hân hat mei in delegaasje fan de ried om ferfolch te jaan oan it riedsprogramma, freget dat noch efkes tiid om de ambysjes yn tiid en jild te ferwurkjen. It is dus net slagge om dat folslein yn dizze begrutting kwa prioriteiten op te nimmen. Utsein de BOA kapasiteit en it trochsetten fan it de oanpak ‘Omtinken foar Elkenien’ (klassieke doelgroep).

Fansels wurdt der wurke en sil der wurke wurde oan de ambysjes en plannen dy’t opskreaun binne. Us reguliere systematyk fan begruttingswizigingen stiet neat yn it paad om útein te setten. In grut tal stiene ek al op priemmen en dêr wêr’t noch neier op trochtocht wurde moat, freegje krekt wat mear tiid om dy goed yn de tiid fuort te setten. De ôfstimming dêroer kriget yn de ferfolchpetearen mei de riedsdelegaasje har beslach.

Ta beslút

Yn dizze programmabegrutting wurde yn de algemiene haadstikken it belied en de finansjele middels dy’t dêrby hearre foar de kommende jierren op haadlinen presintearre. De fierdere útwurking fynt plak yn de programma's. Elts programma kent syn eigen útdagings dy't wy allinnich mei-inoar oanpakke kinne. Graach wolle wy, mei de ried en de mienskip, de opjeften foar it kommende jier oppakke en duorsum oparbeidzje oan in gemeente dêr’t rûmte is foar elkenien.

It kolleezje tanket alle meiwurkers foar de ynset om dizze begrutting wer rûn te breidzjen en op te leverjen.

Burgum, 11 oktober 2022

Boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel