Ga naar de inhoud van deze pagina.
TD - Jaarstukken 2022 Tytsjerksteradiel - Jaarstukken 2022

Ynlieding

Foar jo leit de jierrekken 2022. Dit is de earste jierrekken fan it kolleezje dat yn 2022 ynstallearre is. Wy lizze hjirmei ferantwurding ôf oan de gemeenteried oer it belied fan 2022 en de finansjele effekten dêrfan. We sjogge in posityf resultaat en in oprinnende algemiene reserve. Sûn finansjeel belied kinne je stelle en dochs meie wy net blyn wêze wat der yn 2026/27 yn finansjeel opsicht op ús ôfkomt. Benammen as it giet oer de giga-opjeften wêr't wy yn dit lân foar stean, ûntbrekt it ús oan lanlike hânfetten en fyzje en strukturele middels om dat lange termyn perspektyf goed troch te kommen.

Yn 2022 is der in nije ried keazen. Yn in bysûnder proses fan goede petearen is der in breed programma fan de ried en parallel in kolleezje programma opsteld. Simpelwei fanwegen de tiid binne dat twa spoaren wurden. As totaal bestjoer fan de gemeente binne wy no dwaande om fan út dy opskreaune ambysjes de wichtichste punten yn de tiid te setten en op jild. By de kadernota komme wy dêr op werom.

Je soene it hast ferjitte, mar ek yn 2022 hiene wy noch mei COVID19 te krijen. Yn juny rûnen de besmettingen wer op, mar wiene ekstra maatregels lokkich net mear nedich.

It ôfrûne jier stie benammen yn it teken fan opfang fan Oekraieners, de húsfêsting fan statushâlders en oare doelgroepen. Der is in put wurk ferset om dat allegearre yn goede banen te lieden en hat fan gefolgen hân dat oare taken lizzen bleaun binne.

Benammen it hege ferrin, de krapte op de arbeidsmerk, it hege syktefersom, de kompleksiteit yn ús wurkmaatskippij om foar twa gemeenten te wurkjen, is yn 2022 hieltyd dúdliker op it kleed kaam. Mei as resultaat dat beide kolleezjes dizze realiteit dield ha mei beide rieden. Der moat wat barre yn de gearwurking en dy diskusje en ferkenning is geande. Selsstannich bliuwe of de lapen gear smite?


Resultaat
Wy konstatearje, dat wy hiel bliid binne dat wy it jier 2022 ôfslute kinne mei in posityf saldo fan € 10.593.000. As kolleezje binne we bliid mei dit resultaat en de ynset fan de minsken yn ús organisaasje. Dat krewearjen is net oan ús foarby gien.


Ta beslút
Yn it earste part fan de jierstikken '2022 in vogelvlucht', geane we yn op de wichtigere ûntjouwings fan it ynsette belied. De ferdjipping hjirop is te finen yn de ferskate
programma’s fan it jierferslach. De jierstikken wurde ôfsletten mei in jierrekken mei dêryn opnaam de finansjele ferantwurding fan it fierde belied.


De goede gearwurking mei de accountant hat der foar soarge dat we de stikken op ’e tiid oan jo foarlizze kinne mei opnij in goedkarrende, skjinne ferklearring. Dêr binne we wiis mei en grutsk op.


It kolleezje, Burgum, juny 2022